Hearrenfean ferliest fan Twente

16 maaie 2004 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneintemiddei mei 2-0 ferlern fan FC Twente. It wie de lêste wedstriid fan trener Foppe de Haan. De ploech út Fryslân is lykwols al wis fan Europeesk fuotbal nei de winst tsjin AZ ferline wike.

Kim Christensen skoarde yn de earste helte twa kear foar Twente. Om krekt te wêzen yn de 14e en de 21e minút. SC Hearrenfean bea net folle ferwar yn dizze útwedstriid, dêr't 13.250 taskôgers by wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)