Hearrenfean ferliest fan Roda JC

19 feb 2006 - 16:57

Hearrenfean hat sneontejûn mei 2-1 ferlern fan Roda JC. De Feansters kamen yn Kerkrade noch wol foar mei 1-0, troch in doelpunt fan Arnold Bruggink yn de 17e minút. Hearrenfean wie doe ek de bettere ploech. Nei rêst gie it mis. Gregoor van Dijk benutte in penalty foar Roda JC en Simon Cziommer skeat yn de 66e minút út in frije traap binnen. Yn de 75e minút krigen Kah fan Roda JC en Nilsson fan Hearrenfean read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)