Hearrenfean ferliest fan Roda

22 aug 2004 - 17:01

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-4 ferlern fan Roda JC. Trainer Gert-Jan Verbeek hie de nijelingen Rzasa en Sikora opsteld. Se toanden in soad karakter (trije kear waard in efterstân fuortwurke), mar tsjin Roda wie it net genôch.

Huntelaar makke in moaie goal foar Hearrenfean. Hy krige de bal op de râne fan de 16 meter oanspile, wist lâns twa ferdigeners te kommen en skoarde mei in omhaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)