Hearrenfean ferliest fan PSV

17 okt 2009 - 23:21
  • Patrik Ingelsten rekke blesearre

Sportklup Hearrenfean hat yn Eindhoven mei 1-0 ferlern fan PSV. Dy 1-0 einstân docht gjin rjocht oan de wedstriid. Thúsploech PSV wie folle sterker. It hurd wurkjende Hearrenfean koe eins allinne mar tsjinhâlde. Dat slagge, mei in goed spyljende keeper Brian Vandenbussche.

De 0-0 stân by it skoft soe oant de 81ste minút stean bliuwe. Doe kaam it skot fan ynfaller Toivonen op de peal en skeat Danko Lazovic de weromspringende bal hurd binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)