Hearrenfean ferliest fan NEC

03 apr 2006 - 11:47

Sportklub Hearrenfean hat sneon mei 4-1 ferlern fan NEC. Lasse Nilsson sette Hearrenfean yn de 17de minút noch wol op foarsprong. Niedzielan makke foar it skoft de 1-1.

Yn de twadde helte makken de Nijmegenaren dien wurk. Patrick Pothuizen út in strafskop de 2-1 (en in reade kaart foar Marcel Seip), Romano Denneboom de 3-1 en Guillano Grot de 4-1. Dêr bleau it by, benammen troch keeperswurk fan Brian Vandenbussche.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)