Hearrenfean ferliest fan Milan

23 okt 2008 - 22:49
  • Pranjic skoarde út in strafskop

SC_Hearrenfean hat de earste wedstryd yn de groepsfaze fan de UEFA-Cup mei 3-1 ferlern fan AC_Milan. Binnen 25 minuten stiene de Italjanen al mei 2-0 foar troch in eigen goal fan Jong-A-Pin en ien fan oanfierder Gattuso.

Hearrenfean krige wol in tal kânsen, mar wie net produktyf. Inzaghi makke yn de twadde helte de tredde foar Milan. Danijel_Pranjic soarge fiif minuten foar de ein út in stafskop foar de ´earetreffer´ nei´t Paulo_Henrique ûnderút helle wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)