Hearrenfean ferliest fan Basel

21 jul 2001 - 00:00

SC Hearrenfean koe it thús net bolwurkje tsjin it Switserske Basel. Marcus Allbäck skoarde al nei in pear menuten 1-0, mar noch yn de earste helte makken de Switsers dêr 1-2 fan.

Koumantarakis skoarde 1-1. Ceccaroni skoarde noch foar de rêst 1-2. Yn 'e 2e helte skoarden beide teams noch in kear. Herve Tum foar Basel nei in kounter, Anthony Lurling bepaalde de stân op 2-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)