Hearrenfean ferliest fan Ajax

13 feb 2010 - 23:13
  • Christian Grindheim krige in reade kaart

Sportklup Hearrenfean hat yn in hiel aardige wedstriid mei 2-0 ferlern fan Ajax. Yn de earste helte hie de ploech fan Jan Everse it ferskil meitsje moatten, mar it bleau 0-0.

Daliks nei it skoft wie Goran Popov net by de les en koe Dennis Rommedahl de 0-1 meitsje. Omdat Paulo Henrique fergeat de lykmakker binnen te koppen en Christian Grindheim yn de 73ste minút de reade kaart krige, wie it ferset fan de Feansters brutsen. Suarez makke yn de lêste minút de 0-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)