Hearrenfean ferliest fan Ajax

16 feb 2014 - 18:17
  • Lasse Schöne wie mei in hattrick de ienige doelpuntemakker yn de wedstriid

SC Hearrenfean hat snein mei 3-0 ferlern fan Ajax. Yn de Amsterdam Arena skoarde Viktor Fischer al betiid de 1-0, mar syn doelpunt waard ûnterjochte ôfkard fanwege bûtenspul. Lasse Schöne sette de Amsterdammers fuort dêrnei fan 11 meter op foarsprong. Schöne soarge yn de 18e minút mei in twadde strafskop foar de 2-0.

Nei rêst wienen Hakim Ziyech en Alfred Finnbogason in pear kear ticht by de oanslutingstreffer mar beide hienen it fizier net op skerp. Schöne smiet mei syn tredde treffer yn de 82e minút de wedstriid definityf yn it slot.

Troch it ferlies bliuwt SC Hearrenfean stykjen op 36 punten út 24 wedstriden, goed foar it sechsde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)