Hearrenfean ferliest 2 punten

14 nov 2010 - 18:33
  • Mika Väyrynen

Sportklup Hearrenfean hat yn de Kuip mei 2-2 gelyk spile tsjin Feyenoord. Yn de alfde minút kaam Hearrenfean op in 1-0 efterstân troch in doelpunt fan Luc Castaignos. Yn de earste helte krige Hearrenfean noch wol trije grutte kânsen mar kamen se net ta skoaren.

Yn de twadde helte makke Mika Väyrynen de lykmakker. Viktor Elm sette de Feansters op in 2-1 foarsprong. De 2-2 einstân waard makke troch Cabral.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)