Hearrenfean ferbetteret rekord

24 feb 2008 - 17:39

SC Hearrenfean hat snein yn de thúswedstriid tsjin NEC (2-3) it klubrekord fan it tal makke doelpunten yn de earedivyzje ferbettere. De 1-0 fan Roy Beerens yn de twadde minút wie de 67e treffer fan de ploech dit seizoen.

De 66 doelpunten út it seizoen 1995/1996 binne dêrmei oertroffen. Geert Arend Roorda skerpe it rekord dêrnei fierder oan mei syn earste treffer yn it betelle fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)