Hearrenfean - FC Twente: 3-1

18 des 2005 - 16:24

Sportklup Hearrenfean hat sneon yn it eigen stadion mei 3-1 wûn fan FC Twente. Yn de 13e minút skoarde Huntelaar mei in prachtige omhaal 1-0. Flak foar rêst makke Nilsson de twadde goal. Huntelaar makke dêrnei noch in goal fan de penaltydstip ôf. Hy stiet no mei 14 goals boppe-oan de list fan topskoarders.

Dêrnei leaude de thúsploech it wol en krige FC Twente noch in kâns. Gerritsen makke de 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)