Hearrenfean faak bestraft

13 maaie 2013 - 15:54
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat dit seizoen de measte oertredings makke fan alle ploegen yn de earedivyzje. Yn totaal waard de ploech fan trainer Marco van Basten 584 bestraft. Yn it noarden fan it lân gie it der dochs 'rûch' oan ta, FC Grins krige de measte giele kaarten (73).

Lânskampioen Ajax wie dit seizoen de 'kreaste' ploech. De Amsterdammers makken net allinnich de minste oertredings (336), mar krige dêrneist ek it minste tal kaarten.

34 kear waard in oertreding fan de Amsterdammers bestraft mei giel, 4 kear waard der in Ajacied mei read ôfstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)