Hearrenfean en de UEFA Cup

28 nov 2008 - 00:43

SC Hearrenfean hie tongersdei in snipperdei yn it UEFA Cup toernoai. Portsmouth, op 17 desimber yn Ingelân de tsjinstanner fan de Feansters, spile thús mei 2-2 lyk tsjin AC Milan. Sporting Braga, tongersdei 4 desimber op besite yn it Abe Lenstra stadion, ferlear thús mei 3-2 fan Wolfsburg.

De stân yn groep E is no sa: AC Milan 7 punten út 3 wedstriden, Wolfsburg 6 út 2, Sporting Braga 3 út 3, Portsmouth 1 út 2 en Hearrenfean 0 út 2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)