Hearrenfean en Cambuur oefenje

25 jan 2003 - 00:00

Hearrenfean en Cambuur ha sneon beide in oefenwedstriid spile as tarieding op de twadde helte fan de kompetysje. Hearrenfean wûn thús mei 4-0 fan Heracles. Doelpuntemakkers wiene Nurmela, Denneboom, De Jong en Samardzic.

Yn Ljouwert ferlear Cambuur mei 0-2 fan Excelsior. De jonge Ljouwerter ploech spile hiel aardich mar ferlear troch twa persoanlike fouten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)