Hearrenfean earst tsjin Volendam

07 jul 2003 - 00:00

SC Hearrenfean iepent it nije fuotbalseizoen mei in útwedstriid tsjin Volendam. Dy ploech promovearre dit jier, fia de neikompetysje. De wedstriid is op snein 17 augustus. In wike letter komt Feyenoord al op besite. De derby tsjin Grins stiet foar 13 septimber op it programma.

Cambuur begjint op 15 augustus mei in útwedstriid tsjin Helmond Sport. In wike letter spylje de Ljouwerters de earste thúswedstriid tsjin Go Ahead.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)