Hearrenfean dielt de punten mei Excelsior: 1-1

17 apr 2016 - 19:10
  • Excelsior-Hearrenfean

SC Hearrenfean hat mei Excelsior de punten dield. Yn it Rotterdamske Kralingen waard mei 1-1 lykspile. Hearrenfean kaam yn de earste helte op efterstân. Brandley Kuwas krolle de bal nei 37 minuten spyljen efter doelman Erwin Mulder.

Noch foar it skoft die de ploech fan Foppe de Haan wat werom. Sam Larsson dribbelde handich de sechstjinmeter binnen en skeat hurd de lykmakker tsjin de touwen.

Offaller foar SC Hearrenfean wie it útfallen fan Jeremiah St. Juste. De middenfjilder rekke yn in duel yn it stafskopgebiet blessearre oan 'e knibbel en waard ferfongen troch Henk Veerman. Mitchell Te Vrede en Luciano Slagveer wienen yn 'e slotfaze elk noch tichteby in doelpunt, mar se koenen net skoare.

De Feansters ûntfange kommende woansdei yn it eigen Abe Lenstrastadion koprinner Ajax. Hearrenfean stiet no 12e mei 41 punten út 31 wedstriden. Yn 'e einfaze fan de earedifyzje folgje noch wedstriden tsjin FC Grins (thús) en ADO Den Haag (út).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)