Hearrenfean boppe Feyenoord

15 apr 2007 - 16:28
  • Winst te tankjen oan de hattrick fan Afonso Alves

Hearrenfean hat it fyfde plak oernaam fan Feyenoord. De Feansters wûnen yn Tilburch mei 3-1 fan Willem II. Nei in minne earste helte, foelen yn trije minuten trije goals. Alves makke 0-1, Christiano makke gelyk, mar Alves makke noch yn deselde minút 1-2. Yn de 69ste minút makke Alves syn tredde.

Feyenoord ferlear mei 4-1 by Heracles. Hearrenfean is no 5e. Beide ploegen hawwe 52 punten, mar it doelsaldo fan Hearrenfean is folle better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)