Hearrenfean bliuwt boppe-oan

22 nov 2003 - 00:00

De sealfuotballers fan Hearrenfean binne der freed yn slagge de kop yn de earste divyzje fêst te hâlden. Yn de topper yn Ede tsjin it pleatslike Snetselaar wie ferlies tichtby.

Yn de lêste fjouwer minuten wisten de Feansters lykwols net sûnder gelok noch twa kear te skoaren. De stân kaam dêrmei op 3-3. Hearrenfean hâldt mei dit lykspul 2 punten foarsprong op Snetselaar. Op 8 punten folget AORC op it tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)