Hearrenfean betinkt Korbach

19 aug 2011 - 09:51

Foar de wedstriid Hearrenfean-Twente sil sneontejûn in minút stilte hâlden wurde ta eare fan Fritz Korbach. De fuotbaltrainer ferstoar snein yn de âldens fan 66 jier.

Korbach wie by SC Hearrenfean trainer fan 1990 oant oktober 1992. Earst promovearre er mei de klup, mar it seizoen dêrop degradearre It Hearrenfean wer. Korbach hat ek by FC Twente trainer west. Dat wie fan 1983 oant en mei 1986.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)