Hearrenfean begjint tsjin NEC

17 jun 2011 - 09:19

SC Hearrenfean set it seizoen 2011/2012 út ein op sneon 6 augustus mei de thúswedstriid tsjin NEC. In wike letter reizget de ploech fan trainer Ron Jans ôf nei Amsterdam om it op te nimmen tsjin de regearend lânskampioen Ajax.

SC Cambuur begjint it nije seizoen op moandei 8 augustus mei de útwedstriid tsjin AGOVV. In wike letter spylje de Ljouwerters yn eigen stadion tsjin Eindhoven. Freed hat it KNVB it nije kompetysjeprogramma bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)