Hearrenfean-Ajax: 1-2

01 maaie 2008 - 16:34
  • Gerald Sibon makke de iennige goal foar SC Hearrenfean (foto: Martin de Jong)

SC_Hearrenfean ferlear tongersdei foar de fjirde kear dit seizoen fan Ajax. Yn de earste helte kaam Ajax net fierder as trije grutte kânsen. Rob van Dijk, peal en latte stiene de earste goal yn it paad.

Yn de 61e minút skoarde Luis_Suárez fan Ajax de 1-0. Gerald_Sibon makke tsien minuten letter de lykmakker nei in foarset op maat fan Roy_Beerens. Ferdigener John_Heitinga soarge mei in kopbal foar de winnende treffer foar de Amsterdammers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)