Hearrenfean A1 wint beker

06 jun 2009 - 22:03

De A-junioaren fan SC Hearrenfean hawwe beslach lein op de lânlike beker. Yn de finale wie de ploech fan Johnny Jansen mei 3-0 te sterk foar Volendam. Nei 10 minuten stie Hearrenfean al mei 2-0 foar troch in benutte strafskop fan Rico Wolven en in doelpunt fan Bjorn Jonsson. De Poalske oanfaller Pawel Wojciechowski makke noch foar it skoft de 3-0.

De A-junioaren wûnen dit jier ek al de Super Cup. Yn de kompetysje einige de ploech as fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)