Hearings oer minder busferfier

22 jan 2004 - 00:00

De provinsje hâldt op 24 maart in harksitting oer de foarnommen besunigings op it busferfier op it plattelân. Dat ha de partijen yn de steaten tiisdei ôfpraat op inisjatyf fan Gemeentebelangen Fryslân.

Deputearre Steaten moatte trije miljoen euro yn 't jier besunigje op 'e bus. Dat betsjut dat der gjin bus mear komt yn doarpen mei minder as 750 ynwenners. Op 21 juni nimme de Steaten in beslút oer de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)