Heamiel yn Boalsert

22 jun 2006 - 17:02

Tradisjoneel wurdt yn Boalsert mei it Heamiel de ôfsluting fan de heatiid fierd. De heakeninginne is fjouwer dagen lang in wichtich figuer by it feest. Mei har beide hofdames giet se del by alle feestlikheden yn de stêd.

Dit jier is Yfke Spyksma de heakeninginne. Yn it sintrum fan Boalsert is in merk, dêr't minsken inoar treffe kinne. It heamiel sels bestiet út Frysk iten, mei ûnder oare rys en resinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)