Health Center Ljouwert oernaam

03 okt 2014 - 07:54

It Achmea Health Center yn Ljouwert, dat yn septimber de doarren slute moast, makket in trochstart. Casper Dekker en Froukje Dijkstra, dy't earder beide aktyf sporter by it Achmea fitnesssintrum wiene, hawwe de sporttastellen en fierdere ynventaris oernaam en gean dizze wike fierder as it Leeuwarden Training en Welness Center.

De nije eigeners wolle boppedat alle 35 meiwurkers wer in tsjinst nimme. Dizze meiwurkers kamen earder op strjitte te stean, doe't Achmea 36 sportsintra yn ús lân fanwege de kosten slute moast.

Ek de Achmea-festiging yn Ljouwert draaide mei ferlies doe't it ledetal fan 2800 nei 1800 sporters weromrûn en slute moast. In trochstart like frijwol ûnmooglik om't foar it gebou in hierpriis fan hast 1 miljoen euro yn it jier op tafel lein wurde moat.

Dekker hat mei in geunstiger hierkontrakt no goede hoop dat se de sportskoalle op 'e nij op 'e rails krije kinne. In spontane 'glêzen hûs'-lede-aksje hat yn alle gefallen al trijehûndert nije ynskriuwings opsmiten. De nije eigeners wolle yn fiif jier tiid dúdlik ha oft der yn Ljouwert besteansrjocht is foar it lúkse fitness-sintrum mei swimbad en spa-fasiliteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)