Healefinalisten Freule bekend

06 aug 2014 - 15:09

De fjouwer partoeren dy't yn de finale fan de Freulekeatspartij stean, binne bekend. Seisbierrrum-Pitersbierrum spilet tsjin Hijum-Feinsum en Sint Jabik tsjin Tsjummearum.

Seisbierrum-Pitersbierrum kaam yn de heale finale troch Gaast-Ferwâlde te ferslaan. Hijum-Feinsum fersloech Nijewier-Mitselwier-Eastrum. As tredde giet Sint Jabik troch dat te sterk wie foar Akkrum. It partoer fan Tsjummearum sloech Rie derôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)