Heale Moanne wint 1e SKS-striid

30 jul 2006 - 10:30

It skûtsje de Heale Moanne mei skipper Jitze Grondsma hat de earste wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen 2006 yn Grou wûn. Yn in prima wedstryd kaam Grondsma as earste oer de streek foar It Hearrenfean mei skipper Pieter Brouwer. Grou mei Douwe Visser waard tredde.

De start wie in heal oerke letter fanwege de wyn. Wâldsein en It Fean leine in skoft op kop, mar doe naam de Heale Moanne in foarsprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)