Heale finalisten PC bekend

30 jul 2008 - 16:17

Nei de partoeren Jochum Bouma en Johan van der Meulen binne ek de mannen fan Rutmer van der Meer en Gert Anne van der Bos troch. Van der Meer en de bruorren Wassenaar wûnen mei 5-3 en 6-4 fan Martijn Olijnsma, Erik Haitsma en Pier Piersma. Troch opslachfouten fan benammen Chris Wassenaar kaam syn partoer noch eefkes yn de problemen.

It partoer fan Gert Anne vd Bos, Tjitte Bonnema en Folkert vd Wei wûn maklik fan Gerben Hein Wijtsma, Jacob Zaagemans en Peter de Boer (5-1, 6-4).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)