Heal miljoen winst Kabel Noord

15 jun 2010 - 10:59
  • Kabel Noord yn Dokkum

Kabel Noord hat ferline jier hast in heal miljoen euro winst makke. De omset naam mei 15 persint ta yn fergelyk mei 2008. De goeie sifers hawwe foar in grut part te krijen mei it oanbieden fan nije tsjinsten.

In soad klanten ha gebrûk makke de mooglikheid om neist tv en radio, ek te ynternetten en te beljen fia de kabel. Dêrneist ha saaklike klanten fan it kabelbedriuw soarge foar mear omset. Kabel Noord is aktyf yn fiif gemeenten yn noardeast Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)