Heal miljoen fan Poiesz

13 apr 2012 - 20:53

De Jeugdsponsoraksje fan Poiesz Supermerken hat in totaalbedrach fan sawat in heal miljoen euro oplevere. De bedraggen binne freedtejûn ferdield ûnder de dielnimmende ferienings. Dat gebeurde op it sânde Jeugdsponsor Gala, dat yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden waard.

Klanten fan de supermerk koenen sponsormunten foar har favorite feriening yn in spesjale koker dwaan. Dy aksje hat der ta laat dat sportferiening Mulier út Wytmarsum op it heechste plakje einige mei in bedrach fan 1718 euro.

Sportferiening Oeverzwaluwen út Koudum einige as twadde, de Ljouwerter Reddingsbrigade waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)