Heakkekrusen op leechsteande skoalle yn Boelensloane

24 sep 2015 - 14:17
  • Heakkekrusen op leechsteande skoalle Boelensloane

De leechsteande skoalle yn Boelensloane is bekladde mei heakkekrusen. It gebou is by de gemeente Achtkarspelen yn byld as needopfanglokaasje foar flechtlingen.

Buertbewenners ûntdutsen de bekladdings tongersdeitemoarn en bellen de gemeente. Dy hat fuort oanjefte dien by de plysje en opdracht jûn it gebou skjin te meitsjen. De plysje docht ûnder oaren in buertûndersyk. Oft de bekladdings ferbân hâlde mei de mooglike flechtlinge-opfang, wol de gemeente net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)