Heak om Ljouwert op skema

26 jun 2013 - 11:36

De oanlis fan it súdlike part fan de Heak om Ljouwert ferrint goed. Dat meldt Rykswettersteat. Tongersdei wurdt in begjin makke mei de oanlis fan in nij fiadukt yn de Wâldwei, op 'e hichte fan de krusing mei de nije Oeriselseleane. By Wurdum is it ôfrûne wykein it lêste stik fan de slinger út de N32 helle. Dêr koe it ferkear del wylst twa nije tunnels ûnder de rykswei oanlein waarden. Der komt noch in fytstunnel by Wurdum, de bou dêrfan sil begjin septimber begjinne. De hiele Heak om Ljouwert wurdt ein takom jier oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)