Heak om Ljouwert komt nei 2010

16 sep 2003 - 00:00

De ferdûbeling fan 'e autodyk Harns-Surch en de oanlis fan 'e nije rûnwei om Snits geane troch neffens planning. Harns-Surch moat yn 2008 klear wêze, de nije rûnwei om Snits yn 2009. De oanlis fan 'e heak om Ljouwert stiet yn 'e planning foar nei 2010. De gemeente Ljouwert hie dy dyk graach oanlein troch gebrûk te meitsjen fan it kwartsje fan Kok, mar dat bart net.

De oanlis fan nije spuisluzen yn 'e Ofslútdyk wurdt útsteld oant 2008.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)