'Heak betelje út kwartsje Kok'

28 jan 2003 - 00:00

De Heak om Ljouwert en de ferdûbeling fan de diken tusken Drachten/Ljouwert en Harns/Surch moatte betelle wurde fan it kwartsje fan Kok. Dat sei it twadde- keamerlid Van Haersma Buma moandei op in ferkiezingsgearkomste fan it CDA foar de provinsjale steaten yn Snits.

It CDA wol it kwartsje net weromjaan by de pomp. De partij wol alle jierren 500 mijoen euro yn it fûns stoarte dêr't nije diken út betelle wurde moatte. De projekten moatte foar 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)