HCL siket foto's fan Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch

24 nov 2014 - 22:05

Histoarysk sintrum HCL yn Ljouwert is op syk nei foto's fan Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn april fan takom jier bringt it HCL yn gearwurking mei it Frysk Fersetsmuseum en W-Books in fotoboek út oer de oarlochsperioade yn de Fryske haadstêd. Om't it nei alle gedachten de lêste kear is dat sa'n projekt dien wurdt yn Ljouwert, ropt it histoarysk sintrum alle Ljouwerters op om nochris goed yn 'e hûs te sjen oft der noch earne fotomateriaal leit.

Minsken kinne dat dan op 6 desimber by it HCL bringe. Dêr wurde foto's dan fuort ynscand.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)