HCL ferhûze en wer iepen

02 okt 2007 - 14:00

It nije Historysk Sintrum Ljouwert is fan tiisdei ôf iepen foar publyk. It sintrum is ferhuze fan de Grote Kerkstraat nei in nij gebou by de Prinsetún. In ferhuzing wie nedich om't it âlde gebou te lyts waard en net mear foldie oan easken dy't steld wurde foar it opslaan fan argyfmateriaal.

It sintrum hat in ûndergrûns depot wêrfan in part foar publyk tagonklik is. De ferhuzing hat seis wike duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)