HBO-stúdzje wettertechnology

18 okt 2010 - 15:31

In nije HBO-oplieding wettertechnology oan de NHL en Hegeskoalle van Hall Larenstein yn Ljouwert moat wetterynstitút Wetsus tsientallen ekstra studinten opsmite.

De measte studinten dy't ûndersyk dogge by Wetsus komme út it bûtenlân. It tal studinten út eigen lân is lyts. Trochdat de foaroplieding no ek yn Ljouwert te folgjen wêze sil, moat it foar Nederlânske studinten makliker wêze om nei harren HBO-stúdzje oer te stappen nei de masterstúdzje by Wetsus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)