HBO moat ta de bûse

02 apr 2004 - 00:00

Fryske HBO-skoallen moatte in bedrach fan mear as 2 miljoen werombetelje. Dat seit de kommisje Schutte, dy't ûndersyk dien hat nei misbrûk en fraude yn it heger ûnderwiis.

De skoallen ha de regels foar it oanmelden foar studinten te rom ynterpreteard. It Van Hall ynstitút moat oardel miljoen werombetelje. Ek de CHN en de NHL moatte ta de bûse. De HBO's fine de beskuldigings ûnterjochte en ferwize nei ûndúdlikens fan regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)