Hazzepest hat bot taslein yn Mid-Fryslân

17 maaie 2015 - 13:42
  • Twa hazzen

De hazzepest dy't ein febrewaris by Akkrum en Terherne útbruts hat grutte gefolgen hân foar de hazzestân yn dy omkriten. Dat sizze jagers en fjildminsken. Sy sjogge noch mar inkeld in libbene hazze en de kâns is dan ek noch grut dat it bist siik is. Neffens jager Michiel Brandsma fan Terherne binne der stikken lân by dêr't twahûndert deade hazzen fûn binne.

De útbraak hat laat ta in ûndersyk troch lanlike ynstânsjes, omdat it firus ek minsken siik meitsje kin. Brandsma fynt dat boatsjefarders en toeristen dêrfoar warskôge wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)