Hazzebuorden stellen

06 des 2004 - 12:35

De twa hazzeferkearsbuorden dy't in moanne lyn oan de Hoeveweg by Steggerda pleatst binne, binne no al wer stellen. De buorden warskôgen it ferkear foar oerstekkende hazzen.

De buorden binne betelle troch de gemeente, mar it inisjatyf kaam fan fjouwer famkes út Noardwâlde. Op wei nei skoalle seagen sy regelmjittich deade hazzen lizzen op de dyk en dêr woene se wat oan dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)