Hayo Apotheker liedt gearfoeging gemeenten yn Grinslân

15 apr 2016 - 13:25

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân sil yn Grinslân de gearfoeging begeliede fan de stêd Grins mei Haren en Ten Boer. Hy sil de petearen liede tusken de trije belutsen partijen. It provinsjebestjoer fan Grinslân hat him dêrfoar frege omdat er ûnderfining hat mei twa weryndielingen: dy fan Steenwijkerland en fan Súdwest-Fryslân. Apotheker wie earder ek boargemaster fan Veendam.

Uterlik 1 juny moat dúdlik wurde hoe't de nije fúzjegemeente der útsjen sil, want de plannen binne noch net hielendal rûn. Apotheker is sa'n oardel moanne ûnder de pannen mei dit trajekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)