Havisten te set oer drugsmisbrûk

28 jan 2006 - 17:22

De learlingen fan 5 Havo fan it Stellingwerf College yn Easterwâlde hawwe foar it fak maatskippijlear de opdracht krigen in oplossing te betinken foar alkohol- en drugsmisbrûk ûnder jongerein. De ideeën geane nei de gemeenteried fan Eaststellingwerf, dy't der dan mooglik wat mei dwaan kin.

Nederlânske jongerein, en dan benammen dy op it plattelân, binne sawat de grutste brûkers fan bier, wyn en sterke drank yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)