Havenmaster sammelet ôffal yn

11 apr 2014 - 11:45

De gemeente Dongeradiel makket de havenmaster fan Camping en Havenrecreatie Dokkum ferantwurdlik foar it ynsammeljen fan ôffal fan rekreanten. It giet om in proef fan twa jier. Oant no ta koenen toeristen har ôffal kwyt yn spesjale konteners. Mar omdat ek ynwenners fan Dokkum dy brûke, wienen se faak fol. No't de havenmaster it ôffal ynsammelet, kinne de konteners fuort. Dongeradiel stekt 10.000 euro it jier yn it projekt. It rint oant en mei ein 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)