Havenmantsje yn Lekker top 100

21 okt 2013 - 17:02
  • Hotel-restaurant Lauswolt yn Beetstersweach

Restaurant 't Havenmantsje fan sjefkok Marco Poldervaart yn Harns is op in 74e plak nij binnenkaam yn de jierlikse top 100 fan it blêd Lekker. Dat is in útjefte fan Misset. De Heeren van Harinxma/Lauswolt yn Beetstersweach komt der it bêste út foar Fryslân mei in 43e plak. Op dat plak stie it restaurant it ôfrûne jier ek.

Yn de top 100 stiet op it 64e plak noch in Frysk restaurant. Dat is Elevé yn Ljouwert boppe yn it WTC-hotel. It giet hjir om de eigner fan Frouckje State yn Ryptsjerk, dy't fierder gien is mei Elevé.

Frouckje State einige foarich jier ek op in 64e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)