Havenmantsje jûn iepen

05 sep 2012 - 16:24
  • Restaurant 't Havenmantsje yn Harns

Yn Harns giet jûn lang om let restaurant 't Havenmantsje iepen foar publyk. Topkok Marco Poldervaart hat lang striid mei de gemeente hân oer in ferbouwing fan it monumintale gebou ta hotel-restaurant. It bouplan foar in restaurant is úteinlik goedkard en jûn giet it nei in ferbouwing iepen.

Nei it skeel mei de gemeente ferkocht de sjefkok syn restaurant De Gastronoom yn Harns en naam De Fuik yn Aalst oer. De offisjele iepening fan 't Havenmantsje is letter dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)