Havenkontrôles krije ferfolch

11 maaie 2007 - 15:31

De trije noardlike provinsjes hawwe freed op 'e nij in oerienkomst tekene oer kontrôles yn de noardlike havens. Yn 2002 waard de earste oerienkomst sletten. Sûnt dy tiid binne sa'n 30 kontrôles útfierd. Dy wurde ûnder oare dien troch de douane, de wetterplysje en it Iepenbier Ministearje.

Yn de nije oerienkomst binne ek ôfspraken makke om de ynformaasje-útwikseling yn de takomst better ferrinne te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)