Havendagen yn Harns in súkses

08 jun 2008 - 19:05

Neist tsientûzen besikers hawwe de Fryske Havendagen yn Harns ek in soad nije saaklike kontakten opsmiten. Dat seit de organisaasje. Yn de ôfrûne fjouwer dagen koene minsken ris sjen hoe´t it der yn de haven oan ta giet.

Derneist wiene der kongressen foar sakelju. Sy koene nei ôfrin yn in enkête oanjaan oft se der wat oan hân hawwe. Der docht út bliken dat der goed 600 nije saaklike kontakten lein binne. Benammen de haven fan Harns sels soe dêrfan profitearje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)