Haven Surhústerfean moat opknapt

08 jan 2003 - 00:00

It haventsje fan Surhústerfean moat gau opknapt wurde. Doarpsbelang hat de gemeente om jild frege. De haven is slim fertutearze. De wâlbeskoeiïng hinget bryk en de foar de feiligens stiet der in stek om de haven hinne.

Pleatslik Belang sjocht mooglikheden foar it opknapte haventsje. Fiskers, swimmers en kanoërs kinne der gebrûk fan meitsje. Boppedat is de haven fan histoarysk belang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)