Haven Skylge moat grutter

06 mrt 2009 - 16:16
  • Boargemaster Visser op it sympoasium

De haven fan Skylge moat útwreide wurde rjochting see. Oars kinne de boatsjefarders aanst net mear goed te plak. Dat sei boargemaster Jurrit Visser freed op it sympoasium oer de takomst fan de havens fan de Waadeilannen. De skippen wurde hieltyd grutter en mear en mear toeristen komme mei de boat nei de eilannen ta.

De miljeuwetten binne dêrneist sa strang, dat de haven hast op slot stiet. As de útwreiding der net komt, kinne minder boatsjefarders nei Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)